Now is the time to say new things - Leeuwarden City of Literature

Ynspirearre troch filosoof en dichter Rumi makken kultuermakker Jochem Knoef, Stjoer (Onze familie in Leeuwarden) en Ljouwert Unesco City of Literature nije, meartalige literatuer om nije ynwenners, dy ‘t mei de nije Wet Inburgering yn Ljouwert kaam binne, wolkom te hjitten.

Sy binne begûn fanút de gedichten fan Rumi, wêrby’t de assosjaasjes, oantinkens en ferbiningen fan nijkommers yn Ljouwert ûnder begelieding fan stedsdichter Marrit Jellema en Dichter fan Fryslân Arjan Hut omset binne yn nije meartalige literatuer. De (nije) teksten binne yn ferskate talen oaninoar ferbûn troch de universele taal fan de muzyk. Now is the time to say new things lit dêrmei hearre en sjen dat de nije ynwenners fan Ljouwert der net allinnich foar steane, mar dat der in ferbining makke wurdt mei minsken dy’t deselde of in inselde reis ôflein hawwe.

Now is the time to say new things hat as ynspiraasje de gedachten en gedichten fan filosoof en dichter Jalal ad-Din Rumi (1217-1273). Dizze Perzyske dichter wurdt sjoen as ien fan de wichtichste fertsjinwurdigers fan mystyk tinte poëzy, trochdat syn gedichten opmerklik aktueel bliuwe. Sa aktueel dat sels rapper Jay-Z en sjongeres Beyoncé ien fan harren bern nei him neamd hawwe.

We keazen in dichter dy’t ticht by de doelgroep leit omdat it learen fan in nije taal, it besykjen te begripen fan in oare kultuer en in beheind sosjaal netwurk it allegearre al sa dreech makket. Boppedat is it wurk fan Rumi oer de hiele wrâld bekend, sawol yn it (midden) easten as yn it westen. Dêrtroch foarmet it in goede basis foar in dielde, mienskiplike ûnderfining fan nijkommers en ynwenners fan Ljouwert. Dêrby is der gelegenheid om it kultureel erfgoed út it lân fan komôf fierder eigen te meitsjen, of dat op in lichte wize te pleatsen binnen en te ferbinen mei de nije (Frysk-Nederlânske) kultuer.

It meartalige online album Now is the time to say new things is op tongersdei 4 april 2024 presintearre yn Sedrana, hûskeamer fan Onze familie in Leeuwarden. It album is te hearren op alle streamingplatfoarms, lykas Spotify.

Now is the time to say new things is ûnderdiel fan Over de Drempel, in programma fan de gemeente Ljouwert en Arcadia wêryn’t kulturele makkers en maatskiplike inisjativen minsken byinoar bringe om oan ‘e gong te gean mei it tema iensumens.