Op tongersdei 4 april om 19:30 oere wurdt it meartalige online album Now is the time to say new things mei muzyk en poëzij presintearre by Sedrana, Schoolstraat 1 yn Ljouwert. Elkenien is wolkom!

(Oankommend) statushâlders en nijkommers hawwe mei Dichter fan Fryslân Arjan Hut, Stedsdichter fan Ljouwert Marrit Jellema en kultuermakker Jochem Knoef assosjaasjes, oantinkens en ûnderfiningen fan nijkommers ferwurke yn nije teksten en muzyk, ynspirearre op it wurk fan de Perzyske dichter en filosoof Jalal ad-Din Rumi.

Hjirmei krije ynwenners dy’t fia de nije Wet Inburgering yn Ljouwert kommen binne in waarm wolkom yn de stêd.

Now is the time to say new things is in projekt fan Stjoer (Onze familie in Leeuwarden) en Ljouwert UNESCO City of Literature, foar it programma Over de drempel fan de gemeente Leeuwarden en Arcadia.Overdedrempel.frl

De Moanne skreau oer Now is the time to say new things:

Foto: Jeroen van de Bovenkamp
Foto’s artikel: Natalia Balanina