Op tiisdei 10 oktober krije fjouwer nije stimmen yn de Fryske literatuer, en miskien wol takomstige Gysbert Japicxpriiswinners, it poadium yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Se makken teksten ynspirearre troch Japicx syn libben en wurk, en syn betsjutting foar de (Fryske) taal. Elly de Leeuw, Gabriëlle Terpstra, Joël Hut en KUÒ litte in ferskaat fan sjenres yn ferskillende talen hearre.

Gabrielle Terpstra (1990) wennet yn Ljouwert. Se dichtet sûnt 2018 en publisearret û.o yn de Moanne, by Poetry Circle Leeuwarden en brocht in eigen bondel út mei har kollektyf Pauper Poëzie. Mei har gedicht bringt se in oade oan nije taal, oan eigen taal, oan âld en nij.

Elly de Leeuw (1962) wennet yn Marsum. Sûnt 2021 folget se lessen oan de Skriuwersfakskoalle, om’t se aardichheid oan it skriuwen fan koarte ferhalen hat, leafst yn it Frysk en leafst mei in lytse ‘twist’. Yn har ferhaal mei de ik-persoan in held út de Fryske skiednis ynterviewe, Gysbert.

Joël Hut (1995 is grutbrocht mei it Súdwesthoeksk Frysk en brûkt dat yn syn poëzydebút ‘börtersgrut’ út 2020. Dit jier ferskynde syn nijste bondel ‘wurd för wurd för wurd’. Hut giet bewust om mei taal en dichtfoarm dy’t er faak boarltik ynset. Yn syn fers skriuwt er dat er yn Gysbert syn gelikense hopet te finen.

Kuo Weh Ho
 (1989) stie ûnder de namme KUÒ as hiphopartyst op ferskate festivals. Hy is bekend om syn trochtochte oneliners en filosofysk boartsjen mei wurden. Dit jier ferskynde syn album ‘Noorderlicht’ yn gearwurking mei Poelier. Hy makke in bydrage oer eigensinnich wêzen. ‘Eigenzinnig zijn maakt je uniek. Eigen stijl met eigen ritme, eigen flow en eigen beats.’

Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan it programma fan de Gysbert Japicxpriis wike fan Tresoar. Dizze aktiviteit wurdt organisearre troch De Moanne, Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature.

Op sneon 14 oktober wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, yn Boalsert útrikt oan Jetske Bilker foar har roman Spegel en sonde. Foarôfgeand oan dy dei wurde ferskate literêre aktiviteiten organisearre. Tresoar hat de organisaasje yn hannen en wurket gear mei oare literêre organisaasjes.