Op Befrijdingsdei tusken 13:00 en 16:00 oere litte Özgür Özhan, Fatma Sahin, Abduhalim Albakkor, Shaiem Ejaz, Manahil Ejaz en Setareh Zeinhali harren meartalige poëzij, basearre op it wurk fan Rumi, hearre en sjen yn de tún fan Keramiekmuseum Princessehof.
De teksten en muzyk binne mei kultuermakker Jochem Knoef, stedsdichter fan de gemeente Ljouwert Marrit Jellema en Dichter fan Fryslân Arjan Hut makke om ynwenners dy’t fia de nije Wet Inburgering yn Ljouwert kommen binne in waarm wolkom yn de stêd te jaan.
It wurk is ek te hearren op it online album op Spotify.
Now is the time to say new things is in projekt fan Stjoer (Onze familie in Leeuwarden) en Ljouwert UNESCO City of Literature, foar it programma Over de drempel fan de gemeente Leeuwarden en Arcadia.
foto: Natalia Balanina
Nei de webside →