Rinst al jierren om mei it plan om in boek te skriuwen? Dan is dit dyn kâns! De Nasjonale Skriuwmoanne helpt dy om einlings te begjinnen.
Fan 1 oant en mei 30 septimber skriuwst alle dagen oan dyn eigen boek. Do bepaalst watst makkest: in roman, in dichtbondel, in fantasyferhaal, dyn memoires, in printeboek – salang ast mar begjinst. In roman fan 40.000 wurden? In bondel mei tweintich gedichten? De skiednis fan dyn famylje of dat essay dat libbens feroarje sil? Do bepaalst it sels.
Hoe’t it wurket
Alle dagen hâlde de bêste auteurs dy skerp mei ynspirearjende skriuwtips. De hiele moanne binne der skriuwkafees troch it hiele lân om dy oan it skriuwen te helpen. Dy fan Fryslân is op 27 septimber yn dbieb, Ljouwert. Yn ferskate programma’s en de online community kinst dyn kollega-skriuwers moetsje, en útwikselje wêr’t jim mei dwaande binne.
Oan ‘e ein fan ‘e moanne is dyn boek goed op wei, miskien sels ôf. Sawiesa hast tsjin dy tiid in soad skreaun en sitst yn de flow om skriuwen te bliuwen.
Dielname kostet neat en it wurdt leuk! Meld dy oan en lit dyn ambysjes werklikheid wurde.
De Nasjonale Skriuwmoanne is in inisjatyf fan ILFU, it ynternasjonale literatuerfestival yn Utert.
Nei de webside →