Op tongersdei 18 april organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de twadde edysje fan Lettertreffen, in gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân. Wy prate dy middei skriuwers, útjouwers, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd oer sichtberens en gearwurking. Nei in plenêr part kinst yn dielsesjes trochprate. En fansels is der by in ôfslutende buorrel (noch mear) tiid om inoar te sprekken en moetsjen.

Lettertreffen fynt plak op tongersdei 18 april yn De Westertsjerke, Bagijnestraat 59, Ljouwert. Kosteleas oanmelde kin – per persoan – mei de griene knop ûnderoan dizze side.

De tiden binne:
14.00 oere: ynrin mei kofje / tee
14.30 oere: plenêr programma (sjoch ûnder)
16.00 oere: parallel programma (sjoch ûnder)
16.45 oere: ôfslutende buorrel
18.00 oere: ein programma

In pear dagen foar Lettertreffen krijst as befestiging in e-mail mei praktyske ynformaasje.

Plenêr programma

Yn de grutte seal fan de Westertsjerke fynt nei de ynrin in plenêr programma plak, dat fakkundich oaninoar praat wurdt troch deifoarsitter Karen Bies.

* Update Ljouwert City of Literature
Direkteur Ernst Bruinsma sjocht koart werom op ferline jier en sketst yn de plannen foar 2024.

* Ynterview mei provinsje Fryslân en Nederlands Letterenfonds
Op hokker wizen stypje provinsje Fryslân en Nederlands Letterenfonds it skriuwen, oersetten, útjaan en promoatsje fan (Fryske) literatuer? Wat binne de mooglikheden foar it oanfreegjen fan subsydzje, hoe fergruttst de kânsen op finansjele stipe en op hokker help kinst noch mear rekkenje? Karen Bies ynterviewt Romkje de Bildt (direkteur-bestjoerder fan Nederlands Letterenfonds) en Harmen Akerboom (teammanager Taal en Leefberens by Provinsje Fryslân) oer al dizze saken.

* Noordwoord oan it wurd
Noordwoord besiket safolle mooglik minsken entûsjast te meitsjen foar literatuer. Dat dogge se fanút Grins, foar Noard-Nederlân en de rest fan Nederlân. Correen Dekker (direkteur) en Kim Jelsma (programmeur) fertelle oer de diken dy ‘t sy bekuierje en wat dêrby goed wurket.

Parallel programma

Nei it plenêre part geane wy útien yn groepkes om troch te praten oer de ferskillende ûnderwerpen. Kinst by dyn oanmelding kieze foar ien fan de folgjende sesjes:

*Subsydzjemooglikheden
Petearlieder: Karen Bies
By it plenêre part hearst wat der sa al foar subsydzjemooglikheden binne foar (skriuwende) makkers. Wat betsjut dat foar dy? Hear mear en stel dyn brânende fragen.
Oan tafel sitte: Esther Rodenhuis (Provinsje Fryslân), Greetje Heemskerk (Nederlands Letterenfonds) en Arjan Hut (û.o. Dichter fan Fryslân).

*Suksesfol gearwurkje
Petearlieder: Anne Brouwer
Collaborate or Die is it ko-kreaasje-hânboek dêr ‘t Anne Brouwer dy graach mei om de earen slacht. Untdek yn dizze sesje wat de top- en flop-3 fan gearwurkjen binne!
Mei oan tafel: Correen Dekker en Kim Jelsma (Noordwoord) en Hannah Stienstra (Kultuer Kollektyf/Keunstwurk).

*Jongerein as makkers en besikers
Petearlieder: Annemarie Lindeboom
Jonge minsken, hoe krijst se oan it lêzen, skriuwen, oer de flier? Binne se ûngrypber, sitte we te sliepen of wat slagget der wol? Harkje en praat mei.
Oanskowers: Mees van Rijswijk (jonge makker en programmeur) en Conrad Berghoef (dosint Nederlânsk by Firda en skriuwer).

*Mei-inoar Lêze
Yn febrewaris is Ljouwert City of Literature yn gearwurking mei de Culturele Apotheek op fyftjin lokaasjes yn Fryslân úteinset mei Mei-inoar lêze (Samenlezen). Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Op Lettertreffen kinst mei-inoar lêze! Underdiel fan it Fries Leesoffensief.

*Turboshoot portretfoto’s
Skriuwers, dichters en oersetters kinne ien fan de plakjes bemachtigje by de ‘turboshoot’ troch profesjoneel fotograaf Natalia Balanina. Op basis fan de oanmeldingen meitsje wy in yndieling, dêr’t by jildt: fol=fol en tawizing op folchoarder fan binnenkommen.

Besjoch foar in yndruk fan Lettertreffen hjir de foto’s fan de earste edysje op 23 maart 2023.