It is tiid foar de fjirde edysje fan Hoge Woorden! Genietsje fan in jûn fol spoken word. Ditkear fergees tagonklik, yn de Stadskas by de Aldehou, yn oanrin nei festival Explore the North. Gearstalling en presintaasje: Marrit Jellema.

Line-up

Ditkear op it poadium: Rodgairo Dalnoot (DE13), Maurico, Iris Dicke, Moze Nael en Sandy Bosmans.

Rodgairo Dalnoot (DE13)
Stedsdichter fan Tilburg, heit, dichter, spoken word-artyst, rapper en jongereinwurker. Hy wûn yn 2019 by it ynternasjonale spoken word event fan SPOKEN. FM yn Rotterdam de oanmoedigingspriis foar ’De meest inspirerende ontdekking van de SPOKEN Awards 2019′.

Maurico
Spoken word-artyst en performer. Dizze alsidige tûzenpoat docht hûnderten dingen tagelyk en wit yn ‘e measte dissiplinen ek nochris goed te skoaren. Hy trede de ôfrûne jierren op troch hiel Nederlân. 28 jier âld, mar dizze wurdkeunstner hat genôch meimakke om te witten dat it libben net oer roazen giet.

Moze Naél
Moze fynst tusken de rigels, foarby sjenres. Tusken dei en hjoed manoeuvrearret er tusken spoken word, poëzy en muzyk. Syn stim sêft en rau. Wurden tear en sûnder begrutsjen. Klanken kalmearjend en skerp. Moze Naél nimt dy mei yn in wrâld dêr’tst each yn each komt te stean mei al dyn tsjinstridichheden. Troch te lavearjen tusken mei-inoar en allinnich binne learde er dat de goede snaar reitsje it iennige is wat der ta docht.

Sandy Bosmans
Dielt har wurk ûnder oare as spoken word-artyst, is coach by Poetrycircle en jout workshops. Har teksten geane oer universeel dielde gefoelens en/of foarfallen. Uteinlik skriuwt se om diele te kinnen wat se leart en ûnderfynt yn dit libben en oaren dêr ek wat oan hawwe te litten.

Iris Dicke
Iris Dicke (Ljouwert, 2005) sit yn it earste jier fan de Toneelschool Arnhem en docht mei oan it talintûntwikkelingstrajekt Tweespraak fan Kultuer Kollektyf. Se folge fan 2018 oant 2022 skriuwlessen by de Jonge Schrijvers van Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers en spile de solo-performances Lieve Helena en Gepiekt op de middelbare school.

Oer Hoge Woorden

Puere optredens, fol enerzjy en oertsjûgingsfermogen. Persoanlik en kritysk. Dat is watst ferwachtsje kinst fan Hoge Woorden. Hoge Woorden is it nije poadium foar spoken word yn Fryslân. Mei in unike miks fan noardlike makkers en keunstners út hiel it lân. Bekende nammen en opkommende talinten.

Hoge Woorden fynt fjouwer kear yn it jier plak. Oan it ein fan de jûn is der plak foar dy by de open mic.

Hoge Woorden wurdt presintearre troch Leeuwarden UNESCO City of Literature en Explore the North yn gearwurking mei Marrit Jellema.