Nei de brûzjende earste edysje op 14 april is Hoge Woorden op freed 7 july werom. En we meitsje der wer in spesjale edysje fan, want dizze kear kinst sels meidwaan!

Mei SPOKENfm organisearje wy yn Ljouwert de saneamde Spoken Awards Foarronde. De kâns om dyn spoken word-talint sjen te litten. De troch de sjuery nominearre dielnimmers pleatse har foar de lanlike finale fan de Spoken Awards op snein 17 septimber yn Rotterdam. Nei dizze rige optredens fan de dielnimmers slút nimmen minder as Zaïre Krieger dizze twadde edysje fan Hoge Woorden ôf. Ferwachtsje yntinse rymskema’s oer gerjochtichheid en it fersteuren fan de status quo.

Oer Hoge Woorden

Puere optredens, fol enerzjy en oertsjûgingsfermogen. Persoanlik en kritysk. Dat is watst ferwachtsje kinst fan Hoge Woorden. Hoge Woorden is it nije poadium foar spoken word yn Fryslân. Mei in unike miks fan noardlike makkers en keunstners út hiel it lân. Bekende nammen en opkommende talinten. Hoge Woorden fynt fjouwer kear yn it jier plak. Presintearre en gearstald troch Marrit Jellema, mei ferskate spoken word performers.

Hoge Woorden wurdt presintearre troch Leeuwarden UNESCO City of Literature en Explore the North yn gearwurking mei Marrit Jellema.

Oanmelde foarrondes Spoken Awards

De foarrondes fan de Spoken Awards binne yn hiel Nederlân en België. Tegearre mei SPOKENfm – in lanlik platfoarm foar spoken word – organisearje wy de foarronde yn Ljouwert. Op dizze jûn hast de kâns om dyn talint sjen te litten oan sawol it publyk as in sjuery. Wa wit wurdsto selektearre foar in priis yn ien fan de fiif kategoryen en striidsto yn Rotterdam om de Spoken Award! Wy sille meikoarten fertelle wa’t yn de sjuery sit. De foarronde yn Ljouwert is benammen bedoeld foar kandidaten út Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel, mar elkenien kin him oanmelde. Oare foarrondes wurde ûnder oaren yn Breda, Amsterdam, Arnhim, Rotterdam en Antwerpen organisearre.

Tink der om: oanmelde = meidwaan. Der wurdt dy letter noch frege om in bio en foto. Spoken Awards sil hjirfoar kontakt mei dy opnimme.

Finale Spoken Awards op snein 17 septimber
Luxor Theater, Rotterdam

De finale is op snein 17 septimber 2023 yn it histoaryske Luxor Theater yn Rotterdam. De dielnimmers dy’t troch de sjuery útkeazen binne út alle ferskillende foarrondes yn Nederlân en België kinne op dizze dei harren feardichheden sjen litte oan in grutter publyk. Op dizze dei wurde fiif prizen útrikt: de Comedy Award, de Gospel Award, de Lyrics Award, de Poetry Award en as lêste de Storytelling Award.

Yntinsive rymskema’s oer gerjochtichheid en it fersteuren fan ‘e status quo

Op freed 7 july slút nimmen minder as Zaïre Krieger Hoge Woorden II ôf. Zaïre skriuwt út need, leafde, prinsipes en foar it gruttere goed. Mei har wurdkunst dielt Zaïre har wrâld, har perspektyf. Ree om op te kommen foar minsken en de status quo te fersteuren. Rymjend siket se it paad troch systemen, set se mei har eigen miening har komfort oan ‘e kant en mei op maat makke spoken word skept se in feilige omjouwing yn ûnfeilige wrâlden.

Dit alles docht se as spoken word-keunstner, voice-over akteur, oersetter en mei sporadyske mieningen. Zaïre hat Amanda Gormans har The Hill We Climb oerset. Ynspireare troch ferskate rappers lykas Kendrick Lamar en MF Doom, puzelet Zaire oant har rymskema’s ûnneifolgber binne. Net misse dus!

Oer SPOKEN

SPOKEN is in inisjatyf fan Stichting RAEN en waard yn 2016 in eigen stichting, Stichting SPOKEN. It doel fan de stifting is om it spoken word-sjenre in ûnûntkombere rol spylje te litten yn de keunst en de artistike posysje en karriêre fan keunstners aktyf binne yn it sjenre nei in heger nivo te heljen.

foto: Marc de Fotograaf