Op freed 14 april wie de earste edysje fan Hoge Woorden yn De Westerkerk yn Ljouwert, mei Manu van Kersbergen, Elten Kiene, Amara van der Elst, Jan-Willem Poelma en Mees van Rijswijk. Gearstalling en presintaasje: Marrit Jellema. Hjir binne de foto’s fan Marc de Fotograaf!

Hoge Woorden is it nije platfoarm foar spoken word yn Fryslân, in inisjatyf fan produksjehûs Explore the North, Ljouwert UNESCO City of Literature en spoken word-artyst Marrit Jellema.

De kommende edysjes fan Hoge Woorden binne op 7 july, 15 septimber en yn it festivalwykein fan Explore the North, 24 – 26 novimber 2023. Kaarten (€ 7,50) binne te keap op explore-the-north.nl.

Foto’s: Marc de Fotograaf