Keapest tusken 6 en 14 maart (online) in Frysk boek, dan krijst dêr it Frysk Kadoboek, skreaun troch Hilda Talsma, fergees op ta. De Fryske Boekewike set feestlik útein mei it Frysk Boekefeest op 6 maart yn de Westertsjerke yn Ljouwert, útstjoerd troch Omrop Fryslân.
Troch corona is de Nationale Boekenweek, dy’t ek pland stie tusken 6 en 14 maart, trochskowd nei de simmer. Dat betsjut dat it Nationale Boekenweekgeschenk, skreaun troch Hanna Bervoets, it Boekenweekessay fan Roxane van Iperen én de Fryske edysje fan it Boekenweekgeschenk, oerset troch Baukje Zijlstra, dan foarhannen binne. Tusken 6 en 14 maart organisearret it CPNB as oanrin nei de Boekenweek yn de simmer Het voorwoord van de Boekenweek.