By de útrikking fan de Martinus Nijhoff Vertaalprijs 2023 op 11 maaie makke direkteur Cathelijne Broers fan it Prins Bernhard Cultuurfonds bekend dat it fûns de kommende twa jier yn totaal 200.000 euro beskikber stelt foar bysûndere oersettings of oersetprojekten dy’t no bûten de besteande regelingen falle en/of noch ekstra stipe brûke kinne.

Mei de Vertaalregeling wol it fûns de kommende twa jier bysûndere oersettings mooglik meitsje dy’t bûten de besteande regelingen falle en/of dêrneist noch ekstra stipe brûke kinne, mei in foarkar foar projekten wêrby’t in nije oersetter belutsen is en/of oplaat wurdt, poëzyoersettings of oare arbeidsyntinsive of finansjeel risikofolle oersettings.

Neist oersettingen komme ek oarsoartige projekten dy’t te krijen hawwe mei it fak fan oersetter yn oanmerking, as dy it oplieden en stypjen fan nije oersetters ta doel hawwe.

Betingsten oanfraach Vertaalregeling:

  • De útjouwerij dy’t de oersetting útjaan sil, moat de oanfraach yntsjinje, of -yn gefal fan in oar projekt- in rjochtspersoan (stichting of feriening);
  • De oersetter is by it yntsjinjen fan de oanfraach noch net úteinset mei de oersetting;
  • De oanfraach moat foarsjoen wêze fan in oersetterskontrakt neffens op syn minst de gebrûklike cao;
  • De oanfraach moat foarsjoen wêze fan de meast resinte jiersifers fan de útjouwerij. As it útjouwersfûns ûnderdiel is fan in grutter bedriuw mei meardere útjouwerijen, moat neist de algemiene jierrekken ek de resinte, op it fûns taspitste sifers meistjoerd wurde, dêr ‘t út op te meitsjen is hoe’t it finansjeel giet.