By de Skriuwersfakskoalle krije Fryske skriuwers alle romte om har te ûntwikkeljen en om te ekperimentearjen mei proaza, poëzy, toaniel en essees. It 150-jierrige bestean fan it Tripgemaal is in moaie oanlieding om wurk hearre te litten fan dizze nije en mear ûnderleine skriuwers. Kinst sneintemiddei 16 augustus genietsje fan teksten yn ferskate genres en stilen, yn en om it tema ‘Pompe of Fersûpe’. 

De middei fynt plak flak foar it nije stúdzjejier fan de Skriuwersfakskoalle en de line-up wurdt dan ek fersoarge troch studinten en dosinten. Studinten dy’t foardrage binne Lara Kool, Janke de Vries, Tryntsje van der Steege en Yva Hokwerda. Dosinten dy’t achter de mikrofoan krûpe binne Arjan Hut en Hein Jaap Hilarides. De middei wurdt presintearre troch (ek dosint) Tsjerk Bottema.

Nei de foardrachten is der in gesellige buorrel foar sawol skriuwers as besikers. De tagong is fergees, graach wol even oanmelde fia post@hettripgemaal.nl.

Alfêst mear witte oer de Skriuwersfakskoalle? Sjoch skriuwersfakskoalle.frl of meld dy oan foar de yntroduksjeles fan 2 septimber!

De Skriuwersfakskoalle is in gearwurking fan Leeuwarden UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool.

foto: Jessie Jansen

Nei de webside →