Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool.

Op de Skriuwersfakskoalle kinst in mearjierrige oplieding folgje mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza en Essay.

De Skriuwersfakskoalle biedt ek losse kursussen oan, lykas Berneliteratuer en Literêre Non-fiksje.

Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommintaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle. 

Mear ynformaasje oer lesdata en yntroduksjelessen op:

Lês ek de kollum fan Bouke Oldenhof, dosint oan de Skriuwersfakskoalle

Lês ek it artikel fan Marijke de Boer oer de losse kursus Berneliteratuer


Liever verhalen schrijven in het Nederlands? De Schrijversvakschool geeft ook lessen in het Nederlands, bijvoorbeeld in dbieb in Leeuwarden.