Doe’t ik oan skriuwen begûn te tinken, wie der gjin Skriuwersfakskoalle. Ik wie der nei alle gedachten ek net hinne gien. Te eigenwiis. Te ûnwis. Of faaks is dat wol itselde. In ferhaal foar de Rely Jorritsmapriis ynstjoere, gedichten oanbiede by de literêre tydskriften Trotwaer en Hjir, dat wie de rûte. Mar doe’t ik as njoggentjinjierrige in Rely wûn, siet ik fuort foar in writer’s block fan hunebêdformaat. Sûnder ûntsnappingsrûte of petearpartners. Myn skriuwambysje waard in geheim. Sels foar mysels.
Tekst: Bouke Oldenhof, dosint Skriuwersfakskoalle en Schrijversvakschool
Hast in heale iuw fierder jou ik les oan de Skriuwersfakskoalle yn Ljouwert, en de Schrijversvakschool yn Grins, Swolle en Ljouwert. Oan in griemmank fan kursisten. Minsken dy’t al wat publisearre ha en fierder groeie wolle. Oaren mei nije frije tijd, dy’t yn it skriuwen in moaie hobby fûn ha. En guon dy’t barste fan ambysje. Allegear minsken dy’t it mei geastferwanten oer skriuwen en teksten hawwe wolle. Yn in feilich fermidden. Mar wol mei ambysje.
In eigenaardich proses is it. Eigenaardich is net hoe’t de jûnen ferrinne. Thús wurkje de kursisten opdrachten út. By it besprekken derfan wiist de dosint – in skriuwer mei ûnderfining – op begripen, struktueren, skriuwstrategyen, regels, foarbylden út besteande teksten. It liket soms wol in echte skoalle. Ek al binne de groepen dêrfoar te lyts, smeitsje kofje en tee te bêst en is it te gesellich.
Eigenaardich is wol dat tusken al dy bekende regels, âlde wiisheden en besteande foarbylden elkenien hopet op wat oars. Op wat nijs. It wûnder fan de kreativiteit. Want dêr giet it úteinlik om. In ûnferwachte observaasje. In treffende formulearring. In ferrassende styl. Dingen dy’tst eins net leare kinst. Mar de lessen en de petearen fergrutsje de kâns dêrop wol. Dan ferjitst troch alle foldwaning de ûnwissichheid. Kinst grutsk wêze op wat dy út de hannen kommen is. Bliid wêze mei de kompliminten fan de kollega-skriuwers. En it belangrykste faaks noch wol: dysels weromfine yn dyn teksten. Weromfine? Soms skriuwend ferrassende kanten fan dysels ûntdekke!
En dan kinne der samar ynienen ûnferwachte dingen gebeure. Troch meikursisten wiisd wurde op skriuwwedstriden en dêroan meidwaan. Per ûngelok sa entûsjast wurde oer in opdracht dat der in jûnfoljend toanielstik ûntstiet dat in healjier letter opfierd wurdt. Utnûge wurde om foar te lêzen op in Iepen Poadium of yn in âldereinhûs. In opdracht oannimme om in tekst te skriuwen, lykas Gertrud Palstra dy’t foargeand ferhaal skreau.
Tolve jier hat myn writer’s block duorre. Mei in Skriuwersfakskoalle hie dat grif sa lang en leech net west. Mar ik hie de kâns doe net. No doch ik it yn in oare rol. As dosint. Myn foldwaning om mei-inoar oer teksten te praten is der net minder om. Trouwens, moat ik echt earlik wêze? Ik lear der stikem sels ek altyd wer wat fan!
Dyn literêre talint (fierder) ûntwikkelje?
Dan is de Skriuwersfakskoalle wat foar dy! De Frysktalige oplieding is in gearwurking fan de Schrijversvakschool, Leeuwarden UNESCO City of Literature en Tresoar. De basis is de mearjierrige oplieding, oanfolle mei in tal losse kursussen dy’t ek foar net-studinten tagonklik binne. De lessen fine plak by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 3 septimber om 19.00 oere is der in yntroduksjeles. Ein septimber begjinne wer nije lessen en kursussen, sa as Skriuwtechnyk, Poëzy, Berne- en jeugdliteratuer en Literêre Non-fiksje. Dosinten binne neist Bouke Oldenhof û.o. Arjan Hut, Jetske Bilker, Sytse Jansma en Paul van Dijk. Lês mear en meld dy oan foar de yntroduksjeles!
Foto: Surendran MP fia Unsplash