Hast altyd al in spannend ferhaal skriuwe wollen, mar witst net goed wêrst begjinne moatst? Yn dizze trijedielige workshop mei thrillerskriuwer Erik Betten (pseudonym: Rifka Faber) learst hoe’tst in thriller opboust en fan in idee in goed ferhaal makkest.
Erik nimt dy stap foar stap mei yn de struktuer fan in spannend ferhaal. Do learst hoe’t je in plot opsette, de spanning opbouwe en personaazjes en ferhaallinen foarmjouwe. Oan ‘e ein giest nei hûs mei nije kennis, in útwurke plot en de earste stappen fan dyn eigen ferhaal.
Programma
- Les 1 – 28 maaie: It fûnemint lizze mei ynspiraasje, sjenre, basisstruktuer
- Les 2 – 11 juny: De hichte yn mei iepening, personaazjes, spanning fêsthâlde
- Les 3 – 18 juny: It dak derop mei ûntknoping, publisearje, fierdere groei
Elke gearkomste duorret sawat twa oeren: besprekken fan wurk, útlis en ynstruksje, diskusje. Tusken de lessen troch wurkest thús fierder oan dyn ferhaal.
Dizze workshop is in moaie opstap nei de skriuwwedstriid ûnder de Thriller Weken.
Kosten: € 17,50 (€ 15, – foar leden fan de biblioteek).