Biblioteek Drachten organisearret ûnder de Thriller Weken (13 o/m 31 maaie) in skriuwwedstriid foar amateurskriuwers út of ôfkomstich út Smellingerlân. De opdracht: skriuw in koart spannend ferhaal dat him ôfspilet yn de simmer, wêryn’t in plak yn de gemeente Smellingerlân op de ien of oare wize in rol spilet.
De wedstriid stiet iepen foar alle leeftiden, ferdield oer trije kategoryen: jeugd (o/m 12 jier), jongerein (13 o/m 20 jier) en folwoeksenen (21+). Ferhalen kinne yn it Nederlânsk of Frysk skreaun wurde en moatte tusken de 1.200 en 2.500 wurden telle. Foar de jongste kategory jildt in minimum fan 500 wurden.
Yn elke leeftiidskategory wurdt ien winner oanwiisd. De winners ûntfange in priis en harren ferhalen wurde publisearre op de webside fan Bibliotheek Drachten. Dêrneist wurde de winnende ferhalen tegearre as beskieden útjefte drukt.
Ynstjoere
Ferhalen kinne fan 21 juny oant en mei 16 augustus ynstjoerd wurde fia activiteiten@biblioteekdrachten.nl. Fermeld by ynstjoering dy foar – en efternamme, bertedatum, wenplak en telefoannûmer. De sjuery beoardielet de ferhalen fan 17 augustus ôf. De winners krije uterlik 11 septimber berjocht.
Help nedich?
Wa’t help en advys brûke kin, kin dielnimme oan de 3-dielige workshop Thriller Schrijven op 28 maaie, 11 juny en 18 juny (geskikt foar 15+).