Sneon 16 desimber 16:30 oere wurdt yn hotel restaurant De Watersport yn Heech in gedicht fan Gerard Reve ûntbleate. Dat bart yn oanwêzigens fan Teigetje en Woelrat, Reve syn partners út syn Fryslântiid. It inisjatyf komt fan Joke Aartsen.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut draacht yn it feestlike ûntbleatingsprogramma in gelegenheidsgedicht foar en Jankobus Seunnenegea fertolket de Ballade van het eenzame hart. Teigetje en Woelrat sprekke en ferrjochtsje de offisjele ûntbleating.

Gerard Reve (1923-2006) wenne yn de jierren ’60 fan de foarige iuw sân jier yn Greonterp, Fryslân. Hy gie út de drokte fan Amsterdam wei en hat yn Fryslân nei ‘t sein wurdt de lokkichste tiid fan syn libben hân. Yn 1965 skreau er it gedicht Herkenning, wêryn ‘t it doarp Heech foarkomt.

Nu weet ik, wie gij zijt,
de Jongen die ik eenzaam zag te Woudsend en daarna,
nog op dezelfde dag, in een kafee te Heeg.
Ik hoor mijn Moeders stem.
O Dood, die waarheid zijt: nader tot U.

Dit gedicht is foar it earst útjûn yn de bondel Nader tot U út 1969. Reve neamt de gedichten hjiryn ‘geestelijke liederen’. Yn it gedicht Herkenning binne it leauwen (‘gij ’ = God én de leafste), de (manljus)leafde, iensumens, Maria (‘mijn moeder’) en de langst nei de dea (‘die waarheid zijt’) wichtich. Dizze eleminten binne in soad yn it wurk fan Reve werom te finen. Se lykje faak spottend beskreaun yn in opfallende skriuwstyl mei in hiel eigen humor, mar se binne bloedserieus bedoeld.

Gerard Reve wie in bysûnder minske en in bysûndere skriuwer. Syn debútroman De avonden (1947) sloech yn dy jierren yn as in bom. Hy beskreau dêryn sûnder euvelmoed de ferfeelsumens en somberheid fan de weropboujierren nei de Twadde Wrâldoarloch foar mid-tweintigers, thúswenjend by harren swijende âlden, feroardiele ta kantoarbaantsjes.

Hjirnei waard er noch bekender troch opfallende passaazjes yn teksten en telefyzjeoptredens. Hy like hieltyd te provosearjen, mar eins wie er altyd himsels: in iensum, twifeljend en sykjend minske mei in folslein eigen, mar oprjochte leauwensbelibbing. Syn iepenlike homoseksualiteit sûnt de jierren ’60 wie ek opfallend en rôp in protte op. Wat in protte minsken net witte, is dat er dêrmei en troch syn waarme en stypjende reaksjes op wanhopige briefskriuwers tige wichtich west hat foar wat er sels neamde it wekker wurdend ‘homosueel’ Nederlân.

It ‘kafee te Heeg’ yn it gedicht Herkenning hjirboppe is De Watersport. It gedicht sil no yn Reves hûndertste bertejier in permanint plakje krije op de skou yn it kafee.

De ynrin is fan 16.00 oere ôf yn it kafee oan de Skatting 44 yn Heech. It offisjele part start om 16.30 oere en sil ûngefear in healoere duorje. Elkenien is wolkom.