Tiisdeitejûn 23 april, op Wrâldboekedei, organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar yn kafee De Gouden Leeuw.

Dielnimmers oan de RIXT-kursus Poëzy Skriuwe fan ôfrûne winter drage foar út wurk dat sy by de kursus skreaun hawwe. Nei it skoft is der Katalaanske poëzy yn it Frysk. Ignasi Ripoll en Syds Wiersma drage fersen fan ferskate Katalaanske dichters foar, dy’t sy it ôfrûne jier yn it Frysk oerset hawwe.

Op 23 april is it UNESCO Wrâldboekedei. Sûnt 1995 is der dy dei yn in soad lannen bysûndere oandacht foar it belang fan lêzen en boeken. De oarsprong fan Wrâldboekedei leit ûnder oaren yn de Katalaanske feestdei fan San Jordi. Dy dei wurdt dêr wijd oan literatuer en leafde, mei boeken en roazen kocht en weijûn as kadootsjes. De sintra fan in soad Katalaanske stêden en doarpen steane dan fol mei boeke- en roazekreamkes.  

23 april is ek de dei dat yn Spanje de skriuwer Miguel de Cervantes eare wurdt en it is de stjerdei fan William Shakespeare yn 1616.     

Datum: 23 april
Tiid: 19.30-21.30 oere (ynrin: 19.00)
Plak: Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert (Bûterhoeke 1, 8911 DH)
Dichters: Janna van der Meer, Minke Postma, Caroline Verschure, Tanja van Abbema, Ypie Haitsma, Anne Heegstra, Christa Niklewicz, Froukje Reitsema, Lara Kool, Bauke Terpstra,  Ignasi Ripoll en Syds Wiersma
Tagong fergees, oanmelde fia: https://tresoar.nl/bezoeken/agenda/rixt-literer-sirkwy

foto: Geart Tigchelaar