It meast legindaryske en baanbrekkende gedicht ea skreaun is The waste land fan T.S. Eliot. It is hûndert jier âld, mar ynspirearret noch alle dagen skriuwers, lietskriuwers en filosofen: fan Stephen King oant Bob Dylan en Nick Cave oant Francis Ford Coppola. Regisseur Chris Teerink lit yn dizze foto-film – mei in werklik prachtige soundtrack fan Blaudzun – sjen hoe ’t de triedden fan T.S. Eliots ferneamde gedicht noch dwers troch ús tiid rinne.

The waste land is in film dy’t djip yngiet op it komplekse weefsel fan it ferneamde gedicht. Eliot skreau in gedicht as in lapetekken en sitearret út Dante, it boeddhisme en it hindoeïsme.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut liedt de film yn mei in persoanlike refleksje op The waste land en hoe’t dit gedicht in wichtige ynspiraasjeboarne is foar de poëzybondel dêr’t er op dit stuit oan wurket. Besikers ûntfange boppedat in boekje mei dêryn sawol it orizjinele gedicht fan T.S. Eliot as in nij gedicht fan Ilja Leonard Pfeijffer.

Mear ynfo en kaartsjes:

In gearwurking fan Slieker Film en Ljouwert UNESCO City of Literature