Fan 17 maaie oant en mei 24 augustus 2025 ferrast Ljouwert UNESCO City of Literature dy 100 dagen lang mei literêre ljochtpuntsjes dy’t oeral yn Fryslân opdûke. Fan koarte teksten yn it wyld oant de ferskining fan komplete ferhalen. Dêrfoar fregen wy 100 skriuwers en dichters út Fryslân, Nederlân en UNESCO Cities of Literature oer de hiele wrâld op papier te setten wat harren rekket, yn de foarm dy’t by harren past.
Ast ús folgest, dan ûntdekst 100 dagen lang alle dagen wer wêr’t in tekst te sjen of te bemachtigjen falt. Fansels kinst de groeiende kolleksje teksten online weromfine, lykas by ús foarige ferhaleprojekt Utsteld gelok yn 2022.
Yn dizze tiden fan grut leed yn’e wrâld, ûndersykje wy mei Lyts gelok graach de nocht en wille dy’t ús dei kleurje.
Lyts gelok is in projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Lyts gelok is ûnderdiel fan Arcadia en wurdt mei mooglik makke troch it Nederlands Letterenfonds, de provincie Fryslân en de gemeente Ljouwert.
Nei de webside →