Op sneon 28 oktober 2023 sil de earste Genoatskipslêzing fan it Keninklik Frysk Genoatskip (oprjochte yn 1827) heve, mei Philipp Blom as sprekker oer it folgjende thema: Yn it westerske tinken wurdt de minske sjoen as de hearsker oer de natuer, boppe en bûten it libben fan oare bisten en organismen. Ut Mesopotamië wei kaam dit idee fia it kristendom nei Europa en de Ferljochting hat dy hâlding likemin feroare. De klimaatkrisis wersprekt dit idee. De krisis fan de biosfear as gefolch fan minsklike aktiviteit is ek in eksistinsjele krisis fan de minskheid. Yn in histoarysk-filosofyske refleksje siket Blom nei it yntellektuele alternatyf foar it tinken fan oerhearsking en ûnderwerping en nei in yntellektuele takomst út de boarne fan in radikale ferljochting wei.

Dr. Philipp Blom is histoarikus, romanskriuwer, sjoernalist en oersetter. As soan fan in Dútske heit en in Nederlânske mem groeide hy op yn Detmold. Hy studearre yn Wenen en Oxford, dêr ‘t er yn 1997 promovearre op Nietzsche. Yn 2001 ferhuze er fan Oxford nei Parys; sûnt 2007 wennet er yn Wenen. Blom skriuwt foar tal fan kranten en tydskriften, lykas The Times Literary Supplement, The Independent, Frankfurter Allgemeine Zeitung, Die Zeit en Vrij Nederland. Yn 2019 krige er in earedoktoraat fan de Rijksuniversiteit Groningen. Syn lêste boek, De onderwerping (2023), giet oer de histoaryske ferhâlding fan de minske ta de natuer.

Programma:
13:30 Ynrin mei kofje / thee
14:00 Iepening troch Joop Koopmans (foarsitter KFG)
14:05 Yntroduksje fan de sprekker troch Arjen Dijkstra (direkteur Tresoar)
14:15 Philip Blom: Descartes‘ hond — de onderwerping van de aarde en wat erna komt
15:00 Skoft
15:30 Fragen en diskusje
16:00 Sluting en nei ôfrin buorrel

Plak:
Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert (sawat 15 minuten te rinnen fan it stasjon ôf; parkeargaraazje ‘Oldehove’ foar de doar)

Opjefte:
Uterlik 22 oktober 2023 fia info@friesgenootschap.nl tagelyk mei beteljen fan € 7,50 (foar KFG-leden en studinten: € 5) op bankrekken NL33ABNA0450289001 o.n.f. Keninklik Frysk Genoatskip yn Ljouwert

Dit evenemint wurdt stipe troch Ljouwert UNESCO City of Literature en Tresoar, Literatuermuseum, biblioteek en argyf Fryslân

Nei de webside →