Hoe fertaalst rou yn wurden? Twa Fryske skriuwers, Nynke Sietsma en Sytse Jansma, beskriuwe it yngripende ferlies fan in leafste. Harren ferhalen binne werkenber, harren wurden treastend foar oaren.

Yn dizze FryslânDOK fan Karen Bies komme beide skriuwers oan it wurd. Winterswannen (de titel komt út in gedicht fan Sytse Jansma) giet oer de treast fan taal by rou. De skriuwers fine dy net allinnich yn it skriuwen sels, mar ek yn literatuer fan oaren.

Sjoernaliste Nynke Sietsma (1980) ferlear har soantsje Berend oan in slimme sykte, hy wie noch mar krekt fjouwer jier. Se skreau dêroer it boek B. Een memoir. Dichter Sytse Jansma (1980) beskriuwt yn de dichtbondel Rozige maanvissen syn rouproses nei de dea fan syn freondinne, dy’t stoar oan in harsenblieding.

De ferhalen binne werkenber, harren wurden treastend foar oaren. De skriuwers fine dat sels ek yn literatuer. Nynke Sietsma: ‘Troch te lêzen wit ik dat ik net allinnich bin. It is treastend te witten dat ik altyd dát noch haw. It draacht my.’ Sytse Jansma oer poëzy: ‘Gewoan deistich taalgebrûk foldocht net by sa’n grut ferlies. Hoe’t it echt is, dat gefoel, dy erfaring kinst der net mei útdrukke. Dêr hast poëzy foar nedich.’

De útstjoering is oan it begjin fan ‘e Boekenweek, op 16 en 17 maart om 15:30 oere op NPO2 en op 17 maart om 17:00 oere (werhelling alle oeren) by Omrop Fryslân.

Op 19 maart, yn de Boekenweek, is der ek in temajûn yn Tresoar oer literatuer en rou, mei de beide skriuwers.