Freed 28 oktober begjint de Fryske Boekewike feestlik mei it Boekefeest op It Hearrenfean! Spesjale gast is de skriuwer fan it Frysk Kadoboek: Ferdinand de Jong. Yn de Fryske Boekewike dêrnei krigest by oankeap fan in boek yn dyn boekhannel it Frysk Kadoboek der fergees op ta. De Fryske Boekewike en it Kadoboek binne in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Boeken fan Fryslân: boekenfanfryslan.frl.