Op tongersdei 9 septimber organisearret Museum Dr8888 om 15.00 oere in lêzing mei skriuwer Flip van Doorn yn de Bibliotheek Drachten.

Oanlieding foar de lêzing is de tentoanstelling De schilder en zijn landschap yn Museum Dr8888, dy’t him rjochtet op it Fryske lânskip yn trije ferskillende tiidperioaden.

It boek De Friezen, dat Van Doorn dit jier publisearre en dat troch de Volkskrant as ‘een hartverwarmende ode’ oan Fryslân tipt is, rint as in reade tried troch de lêzing.

Nei de webside →