Doarmje op festival Explore the North troch de Ljouwerter binnenstêd foar in wykein fol keunst dy’tst noch net ûntdekt hiest. Sjochst wurdkeunstners, performances, literêre popshows, muzikale pioniers en noch folle mear op bysûndere lokaasjes yn de âlde binnenstêd.

Ljouwert City of Literature is der by mei û.o. de Culturele Apotheek, Mei-inoar lêze en in presintaasje fan de masterclass Literêre Performance.


Foto: Joost Oomen en de Poezieboys tijdens Explore the North 2022, Xanne Vera