Doarmje fan 24 oant en mei 26 novimber op festival Explore the North troch de Ljouwerter binnenstêd foar in wykein fol keunst dy’tst noch net ûntdekt hiest. Sjochst wurdkeunstners, performances, literêre popshows, muzikale pioniers en noch folle mear op bysûndere lokaasjes yn it âlde sintrum.

Ljouwert City of Literature is derby mei û.o. mei-inoar lêze, boeken op resept, in petear mei de Finske skriuwer Juhani Karila en de teatrale einpresintaasje fan de masterclass Literêre performance. Ek ús lêsmagazine LETTER fynst op it festival.

Yn de oanrin nei it festival stiet de Stadskas al op it Aldehouster tsjerkhôf. Dêr presintearje we op 10 novimber mei Explore the North en Marrit Jellema de fjirde (fergees tagonklike!) edysje fan spoken word-jûn Hoge Woorden.

Mei-inoar lêze mei De Culturele Apotheek
Boeken op resept mei De Culturele Apotheek
Juhani Karila
De ein set útein

Mei-inoar lêze

sn. 25 nov. 14:00-15:00 en 17:30-18:30 oere, De Utrecht
sn. 26 nov. 14:00-15:00 en 16:00-17:00 oere, De Utrecht

Safolle skriuwers en dichters by Explore the North… Se raze foarby op de poadia en ja, wêr gie dat no eins oer? Wolsto dy in oerke ferdjipje yn harren wurk of wolst ris in stik tekst útplúzje, kom dan nei Mei-inoar lêze! Yn in lyts groepke dûkst yn moaie fragminten en gedichten. Under lieding fan in lêsbegelieder praatst mei-inoar oer wat de teksten by dy oproppe: Wat stiet der krekt? Wat docht dat mei dy? Werkenst it? De sesjes fine plak yn it prachtige Jugendstil-gebou De Utrecht. De skriuwers skowe oan it ein fan de sessje sels ek even oan. Der is gjin tarieding nedich.

Sneon 25 nov. 14:00-15:00 oere: we lêze teksten fan Tiemen Hiemstra
Sneon 25 nov. 17:30-18:30 oere: we lêze teksten fan Juhani Karila
Snein 26 nov. 14:00-15:00 oere: we lêze teksten fan Anne-Goaitske Breteler
Snein 26 nov. 16:00-17:00 oere: we lêze teksten fan Walt Whitman, mei Preston Losack en Tsead Bruinja

Der is beheind plak: skriuw dy yn fia de webside fan Explore the North of yn De Stadskas.

De sesjes binne in opmaat nei ‘Mei-inoar lêze’-groepen dy ’t Ljouwert City of Literature en de Culturele Apotheek begjin 2024 yn hiel Fryslân begjinne.

Boeken op resept

sn. 25 en sn. 26 novimber, 15:00-17:00 oere, De Stadskas

Falt de neatichheid fan it bestean dy wolris swier? Hast lêst fan in Calimero-kompleks, of krekt fan it rêd -de-wrâld-syndroom? Fan fertriet om de einichheid of nei-my-de-sûndfloed-gedachten? Ljouwert City of Literature en de Culturele Apotheek biede ferljochting by dizze en oare deistige krupsjes! Kom nei it ynrinsprekoere yn de Stadskas foar in koart mar ynkringend konsult en stoart dyn hert út. Dan krigest op it plak sels in heechstpersoanlik boekeresept op maat, ynklusyf de goede dosearring, it bêste tiidstip foar it ynnimmen en eventuele bywurkingen.

Kirsten van Santen yn petear mei skriuwer Juhani Karila

Sn. 25 novimber 20:45-21:30 oere, Waalse Kerk

Juhani Karila komt fan it Finske plattelân en skreau in folslein orizjineel en absurd boek dat no oer de hiele wrâld bejubele wurdt: De jacht op it snoekje. Yn it ferhaal, ferjûn fan de miggen en mysterieuze personaazjes, sil de stoere Elina op syk nei in formidabele snoek dy’t op magyske wize ferbûn is oan har lot. Under it ferhaal ferskine hieltyd mear frjemde wêzens. Dochs binne se net écht frjemd, want yn dit doarp binne ‘nixen’ like gewoan as in beskútsje op sneintemoarn. En dêrtroch is dit út noch yn in mearke. Karila giet yn petear mei Kirsten van Santen, sjoernaliste, swimmer en skriuwer fan Water pakken, in boek dêr’t sûnder dat se it sels troch hie ek samar in skym yn swom. Finlân en Fryslân lykje inoar te kennen. Ha wy it hjir oer magy? Of oer in ekstra sintúch dêr ‘t wy minsken fan fergetten binne hoe ‘t it te brûken?

Literêre performance: De ein set útein

sn. 26 novimber, 15.00-15:45 en 17:45-18:30 oere, de Kapel yn dbieb

Foar de twadde kear organisearren Explore the North, Ljouwert City of Literature en Tryater in masterclass-searje foar skriuwers en dichters dy’t harren optredens nei in heger nivo tille wolle. Teätermakker Karel Hermans ûndersocht mei de dielnimmende auteurs de mooglikheden om tekst oer te bringen. Sintraal stean harren eigen teksten, yn hokker taal dan ek. By festival Explore the North kinst yn de Kapel fan dbieb de opbringst fan dizze syktocht sjen en hearre. In boartlike, literêre performance, dêr’t diskear it festivaltema de (ûn)einichheid fan it bestean sintraal by stiet. Dielnimmende skriuwers: Ytje Hoekstra, Tialda Hoogeveen, Remco Kuiper, Eise Ivo Smit, Bauke Vermaas en Jetze de Vries.

Besjoch it folsleine programma en bestel in kaartsje op: