As skriuwer hast somtiden spesifike fragen dêr’tst nearne mei terjochte kinst. ‘Kin ik help krije by it skriuwen?’ ‘Hoe fyn ik in útjouwer?’ ‘Kin ik dit sels útjaan?’ ‘Hokker fergoeding kin ik freegje as ik in kear wat foarlês?’ ‘Hoe kin ik subsydzje oanfreegje foar in projekt?’

Fanwegen al dy mooglike fragen en fansels noch folle mear, organisearret Leeuwarden UNESCO City of Literature dit jier twa kear in iepen sprekoere op ferskate lokaasjes yn de provinsje. It sprekoere is foar auteurs (fan fiksje, non-fiksje en poëzy, foar alle leeftiden) dy’t yn it Frysk skriuwe, it Nederlânsk en miskien ek noch wol in oare taal.

It earste sprekoere fynt plak op tiisdei 26 maaie yn de biblioteek fan Snits, it twadde op tiisdei 27 oktober yn Bibliotheek Drachten, beide kearen fan 14:00 oant 16:00 oere.

Oanmelde?

Hoechst dy net perfoarst oan te melden, rin gerêst gewoan binnen, mar wy kinne dy miskien better helpe ast ús yn it foar in mailtsje stjoerst en koart (maksimaal 150 wurden) oanjoust watst beprate wolst. Dan komme wy hielendal goed taret nei de sprekoeren ta.

Wy sjogge dy graach yn Snits en/of Drachten!

Foto: Lucas Kemper