Op tiisdei 26 maaie iepenen wy it earste fan twa sprekoeren foar auteurs, diskear yn de biblioteek fan Snits. It waard in moaie middei mei ôfwikseljende petearen en in ferskaat oan skriuwers dy’t binnenrûnen.
De oanwêzigen kamen mei útienrinnende eftergrûnen en yn ferskate stadia fan har skriuwerskip. Fan skriuwers mei in idee foar in earste boek ta auteurs mei in hast foltôge manuskript yn it laad, en fan fersjesdichters oant makkers fan berneboeken, young adult, poëzy en non-fiksje. Guon skreaune al jierren yn it Frysk, it Nederlânsk of beide, oaren wiene krekt op syk nei de goede taal foar harren ferhaal.
In soad fragen draaiden om de praktyske kant fan it skriuwerskip: hoe fynst in útjouwer dy’t past by dyn boek, wat binne de mooglikheden om yn eigen behear út te jaan, en hoe krijst dyn wurk yn ‘e boekhannel? Dêrneist kamen fragen foarby oer subsydzjemooglikheden, fergoedingen foar foarlêsoptredens, it oarderjen en selektearjen fan gedichten, en it ferlet fan skriuwersgroepen om ûnderfiningen út te wikseljen.
Ek kamen der bredere petearen op gong oer it Fryske literêre en kulturele fjild, en oer de fraach hoe’t je nij talint yn it noarden fêsthâlde en stypje. Wêr mooglik ferwiisden wy troch nei útjouwers, tydskriftredaksjes, organisaasjes en minsken dy’t mei de spesifike fraach fierder helpe kinne.
Takom sprekoere op tiisdei 27 oktober
Skriuwen is faak in solitêre beuzichheid, en krekt dêrom rinne in soad auteurs tsjin fragen oan dêr’t se net samar in antwurd op fine. Hoe fynst in útjouwer? Wat komt der sjen by útjaan yn eigen behear? Hokker subsydzjes binne der, en hokker fergoeding meist freegje foar in optreden? Op tiisdei 27 oktober is der in twadde sprekoere, diskear yn de biblioteek fan Drachten, opnij fan 14:00 oant 16.00 oere. Rin gerêst binnen.
