Op dizze side litte wy sjen wêr’tst telâne kinst foar (advys oer) literêre subsydzjemooglikheden. Earst sjochst de regelingen by it Nederlands Letterenfonds, by it Cultuurfonds, dan de regelingen by de provinsje Fryslân, dêrnei dy by de gemeente Ljouwert en ta beslút in oersjoch fan fûnsen en subsydzjes, makke troch Keunstwurk.
Regelingen by it Nederlands Letterenfonds rjochte op Nederlânsktalige of Frysktalige skriuwers:
1. Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken
Skriuwers, byldmakkers en yllustratoaren yn alle fazen fan harren karriêre kinne fia dizze regeling subsydzje oanfreegje foar de kreaasje fan in nij literêr wurk yn boekfoarm (proaza, non-fiksje, poëzy, berne – en jongereinliteratuer en graphic novel) dat ferskynt by in reguliere, literêre útjouwer. Lês mear
2. Literêre útwikselingen
Sawol literêre organisaasjes as literêre makkers kinne mei dizze regeling in subsydzje oanfreegje foar lêsbefoarderjende en literêre projekten dy’t de útwikseling fan kennis en ekspertize stimulearje tusken de ferskillende dielen fan ús taalgebiet. Lês mear
3. Wurkbydrage teätertekst
Mei de regeling Wurkbydrage teätertekst kinst as (teäter)auteur subsydzje oanfreegje foar it skriuwen fan nij wurk foar teäter. Dizze regeling wurdt útfierd troch it Nederlands Letterenfonds tegearre mei it Fonds Podiumkunsten en hat as doel de kwaliteit, diversiteit en ûntwikkeling fan it Nederlânsk teaterrepertoire te stimulearjen. Lês mear
4. Regeling Makers buiten het boek
As makker kinst subsydzje oanfreegje foar nije literatuer bûten it boek: fan performance oant podcast en fan spûken wurd oant virtual reality. Dêrneist is der romte om in part fan it bedrach te besteegjen oan profesjonele ûntwikkeling. Lês mear
Regelingen by it Nederlands Letterenfonds foar oersetters:
1. Projektsubsydzjes foar literêre oersettings
Literêr oersetters yn it Nederlânsk, Frysk, Papiamento, Papiamentu of Ingelsk kinne in projektsubsydzje oanfreegje foar in nij te oersetten boek. Sa kinne hja tiid en omtinken oan de oersetting jaan en yn de ûntwikkeling fan harren talint ynvestearje. Lês mear
2. Ontwikkelbeurzen voor literair vertalers
Startende en gevorderde literair vertalers in en uit het Nederlands, Fries, Papiamento, Papiamentu of Engels kunnen een ontwikkelbeurs aanvragen om te investeren in hun vakinhoudelijke kennis en om hun cultureel ondernemerschap verder te ontwikkelen. Lês mear
Sjoch foar mear ynformaasje en it oanfreegjen op:
——————————————————————————————————–
Regelingen by it Cultuurfonds
Kultuermakkers – ferieningen, stichtingen en soms ek persoanen – kinne in bydrage oanfreegje foar harren kultuer – of natuerprojekt. It Cultuurfonds ynvestearret ek op eigen inisjatyf yn kultuer en natuer én jout prizen, stipendia en beurzen.
Mear ynformaasje en oanfragen:
——————————————————————————————————–
Regelingen by de provinsje Fryslân rjochte op Frysktalige publikaasjes:
——————————————————————————————————–
Kultuerregelingen by de gemeente Ljouwert:
1. Subsydzje foar makkers keunst en kultuer
Foar (semy-)profesjonele keunstners dy’t yn de gemeente Ljouwert in kulturele produksje meitsje wolle, bygelyks in foarstelling, konsert, keunstwurk of tentoanstelling, dy’t bydraacht oan it kulturele oanbod yn de gemeente Ljouwert, en foar lokale makkers dy’t harren talint (fierder) ûntwikkelje wolle. Lês mear
——————————————————————————————————–
Oersjoch oare subsydzjes en fûnsen yn Fryslân yndield op dissipline en regio:
——————————————————————————————————–
Oan dizze ynformaasje kinne gjin rjochten ûntliend wurde.
Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje altyd op de webside fan de ynstelling dy’t de subsydzje ferlient.