Alle regelingen foar Fryske literatuer by de Provinsje Fryslân stean wer iepen foar oanfragen. Oanfragen kinne dien wurde fia Digi-D en foar bedriuwen, ferienings en stiftingen mei E-herkenning.

De regelingen binne hjir te finen:

Regelingen foar iepenloftspullen en ynternasjonale útwikseling gean febrewaris en maart iepen; sjoch dêrfoar de website foar subsydzjes Frysk.

Foar fragen oer de formulieren en it ynfoljen dêrfan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de Provinsje en freegje nei in meiwurker fan subsydzjesaken team Frysk Kapitaal of in mail sjoere oan subsidiesfryskkapitaal@fryslan.frl.

Sjoch foar mear ynformaasje oer lanlike, gemeentlike en lokale regelingen ek op ús side mei literêre subsydsjes.