Schrijversvakschool Groningen set yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature en Tresoar útein mei in skriuwkursus foar begjinnende en in lesblok redigearjen foar betûfte auteurs dy’t it Frysk as skriuwtaal brûke. De trije organisaasjes dogge dat ûnder de namme Skriuwersfakskoalle. Op sneon 4 septimber is der in fergees tagonklike yntroduksjeles yn dbieb yn Ljouwert. Oanmelde kin fia kantoor@svsgroningen.nl.

Yn 2020 is Schrijversvakschool Groningen al yn gearwurking mei dbieb úteinsetten mei kursussen yn fiksje- en non-fiksjeskriuwen yn Ljouwert, mei it Nederlânsk as skriuwtaal. As oanfolling dêrop biedt de skoalle no twa blokken oan foar Frysktalige skriuwers dy’t harren talizze wolle op it (troch)ûntwikkeljen fan harren techniken. Yn de yntroduksjeles op sneon 4 septimber fan 14:00 oant 17:00 oere kinne skriuwers ûnderfine oft de kursus by harren passet. 

De les wurdt jûn troch Pauline Durlacher, direkteur fan  Schrijversvakschool Groningen. “Je krijgt twee opdrachten en gaat daarmee ter plekke aan de slag. Je krijgt commentaar op je tekst en merkt al snel wat zo’n schrijftraining je oplevert. Je gaat wijzer naar huis, of je nu literair of journalistiek wilt schrijven.”

Begjin novimber sette de lessen útein. It earste blok is Skriuwtechnyk foar begjinners, 12 lessen, jûn troch skriuwdosint Welmoed Wijma. It twadde blok, Redigearjen, is foar betûfte studinten en wurdt jûn troch skriuwer-redakteur Baukje Zijlstra. Ynskriuwe foar de kursusblokken kin oant 1 oktober. By it blok Skriuwtechniken is elkenien wolkom, foar it blok Redigearjen wurdtst talitten op basis fan ynstjoerd wurk.

Reservearje is nedich
De lokaasje fan de yntroduksjeles en kursusblokken is dbieb oan it Blokhuisplein yn Ljouwert. It is nedich om yn te skriuwen foar de yntroduksjeles. Dat kin fia 06-14771011, kantoor@svsgroningen.nl of schrijversvakschoolgroningen.nl. Fol is fol!

Schrijversvakschool Groningen jout les yn Zwolle, Deventer, Grins en Ljouwert. De skoalle biedt kânsen foar wa’t krekt úteinsetten is mei it skriuwen, foar wa’t him breed ûntwikkelje wol, foar wa’t al fierder is yn in sjenre of foar wa’t saaklik skriuwen leare wol. Elts nivo hat talittingseasken en betingsten.

Wolst mear ynformaasje oer de Skriuwersfakskoalle? Nim dan kontakt op mei Jan Gaasenbeek, programmakoordinator Ljouwert City of Literature, jan@leeuwardencityofliterature.nl.

Foto: Jantina Talsma