Twa moanne nei it lansearjen fan Wjerspegelje, wreidet it projekt op 1 april út mei acht dichters en 96 lokaasjes. Wjerspegelje brûkt it oanrekommandearre RIVM-hannewaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan. 

Jeanet Hospes benaderet út namme fan Merk Fryslân de lokaasjes: “Njonken oernachtings- en hoareka-lokaasjes, hawwe wy ek oare iepenbiere gelegenheden benadere. Sa dogge der bygelyks ek biblioteken en oare kulturele organisaasjes mei. De reaksjes binne tige optein en der komme ek spontane opjeften binnen. Dat lêste is moai en der is noch plak foar mear lokaasjes.” Yn totaal binne der no tritich ferskate Fryske gedichten te lêzen op 575 spegels fan 104 lokaasjes. De besikers komme troch it scannen fan in QR-koade by de Nederlânske oersetting. 

Spegelpoëzij mei fariaasje

De dichters krije de opdracht fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Ernst Bruinsma, saaklik lieder: “De spegelpoëzij jout in moai ferskaat oan poëzy om’t wy de groep dichters mei soarch gearstalle. Sa freegje wy sawol betûfte dichters as opkommende talinten. Njonken Fryske dichters sitte der ek in pear oarstalige professionals by. Dy leverje yn it Nederlânsk oan, wêrnei’t in literêr oersetter de Fryske ferzje makket.” De dichters dy’t oan ‘e twadde rige bydroegen hawwe binne Sannemaj Betten, Job Degenaar, Joël Hut (yn it Súdwesthoeks), Jan Kleefstra, Roelof ten Napel, Michelle Samba, Albertina Soepboer en Syds Wiersma. Op basis fan Soepboers gedicht ‘Jûnsklokkroketblues’ is in fideo makke wêryn’t it fers op ferskate plakken foardroegen wurdt. De taskôger reizget mei fan It Amelân nei Appelskea en fan Hylpen nei Tytsjerk. 

Alle fersen steane yn it Frysk en it Nederlânsk op friesland.nl/wjerspegelje. Dêr is ek in oersjoch fan de lokaasjes te finen. De kommende tiid wurdt it projekt fierder útwreide oant yn totaal fyftich gedichten. Wjerspegelje is basearre op it Swolske idee Weerspiegelen en is mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

foto: Lucas Kemper
fideo: Hatogkrøller