Op moandei 15 jannewaris is by de Provinsje Fryslân de subsydzjeregeling foar it skriuwen fan Fryske literatuer wer iepene. De regelingen foar oersetten, útjaan en promoasje fan Fryske literatuer of Frysk toaniel gean iepen op 22 jannewaris.

Nij is dat foar de regeling útjaan en oersetten, de oanfraach digitaal yntsjinne wurde kin. Foar útjaan is der ek subsydzje beskikber foar it meitsjen fan in werprintinge fan populaire Fryske boeken.

Foar de regeling útjaan en de regeling oersetten en bewurkjen binne der krekt as it ôfrûne jier twa iepenstellings, ien dy’t 22 jannewaris iepen giet en ien nei de simmerfakânsje op 4 septimber – dit is dan in koartere termyn o/m 18 oktober.

Oersjoch fan de regelingen:

Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer

  1. Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.1.2, ûnderdielen a oant en mei e, kinne fan 15 jannewaris 2024 oant en mei 18 oktober 2024 yntsjinne wurde.
  2. ­It subsydzjeplafond foar kêst 2.1.2, ûnderdiel a oant en mei e, is € 60.000, jildt fan 15 jannewaris 2024 oant en mei 18 oktober 2024.

Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer

  1. Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.2.2, ûnderdielen a oant en mei e kinne fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 31 maaie 2024 en fan 6 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 yntsjinne wurde.
  2. ­It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamt ûnder a. dat jildt fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 31 maaie 2024 is € 18.000, en dat jildt fan 6 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 is € 18.000.

Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken

a.     Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 kinne fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 4 oktober 2024 yntsjinne wurde.
b.     ­It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamd ûnder a. is € 10.000, jildt fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 4 oktober 2024

Paragraaf 2.6 Utjaan Frysktalige literatuer

a.     Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 kinne fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 10 maaie 2024 en fan 4 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 yntsjinne wurde.
b.     ­It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamd ûnder a. dat jildt fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 10 maaie 2024 is € 75.000, en it plafond dat jildt fan 4 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 is € 75.000.

By fragen oer de formulieren en it ynfoljen dêrfan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de Provinsje en freegje nei in meiwurker fan subsydzjesaken team Frysk Kapitaal of in mail stjoere oan subsidiefryskkapitaal@fryslan.frl.