Mei-inoar genietsje fan ferhalen makket it deistige liben riker, en út ûndersyk hat bliken dien dat literatuer heilsum is.
Dêrom wurkje Ljouwert City of Literature en de Culturele Apotheek gear om mear minsken yn Fryslân genietsje te litten fan moaie ferhalen en gedichten út de wrâldliteratuer. Dat dogge wy yn it projekt Mei-inoar lêze: yn hiel Fryslân lêze wy sûnt jannewaris 2024 mei-inoar yn biblioteken, boekhannels en doarpshûzen. Mei-inoar lêze is gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen. It mei-inoar lêzen fynt plak ûnder begelieding fan lêsbegelieders.
Der is al in moaie groep lêsbegelieders, mar om’t der nije groepen útein sette binne wy op syk nei nije begelieders.
Hâldst fan lêzen en bringst graach minsken byinoar? Bist in sfearmakker dy ‘t goed harkje kin? Tinkst datst goed in groepspetear liede kinst of soest dat leare wolle? Wurd dan lêsbegelieder by Mei-inoar lêze. It giet om in frijwilligersfunksje. Wy sykje benammen kandidaten yn (de omjouwing fan) Dokkum, Gytsjerk, Stiens, Balk en De Lemmer.
De Culturele Apotheek liedt dy op ta lêsbegelieder. De treningsdagen binne woansdei 23 oktober en woansdei 6 novimber, yn Ljouwert.
Wolst earst mear witte? Mail naar vraag@cultureleapotheek.nl.
Mei-inoar lêze is in aktiviteit fan de dielnimmende lokaasjes, de Culturele Apotheek en Ljouwert City of Literature. Mei Mei-inoar lêze wurkje we mei oan it Fries Leesoffensief.
Foto: Jacob van Essen | Hoge Noorden