Fan 5 oant 8 desimber hat yn it Baskyske Durango de 59e Durango Boeke- en muzykmerk plak fûn.
Skriuwers Syds Wiersma en Gerard Marcel de Jong hawwe dêr yn it ramt fan it LIT-UP-projekt hinne west. Syds Wiersma hat dielnommen oan in petear mei de Sloveenske skriuwster Jedrt Malezic en de Valenciaanske útjouwer Núria Sendra, ûnder lieding fan de Baskyske útjouwer Garazi Arrula.

Gerard de Jong hat weardefolle kontakten lein mei ferskate Baskyske útjouwers om te sjen oft syn debútroman Blau fan dagen, griis fan ônrust, dy’t him foar in part ôfspilet yn Baskelân, ek yn it Baskysk útjûn wurde kin.

De Durango Boeke- en muzykmerk lûkt jierliks sa’n 100.000 besikers. It is in merk foar it brede publyk mei tal fan aktiviteiten, sinjearsessys en in grut oanbod fan boeken en lûdsdragers en muzyk.