Yn Ljouwert kinst oer gedichten rinne. Troch de binnenstêd leit in rûte fan goed 70 poëzijstiennen, foar it grutste part yn de histoaryske binnenstêd. Kuierje lâns gedichten fan lokale dichters en fan lanlik bekende nammen, yn it Frysk en it Nederlânsk. Efkes stilstean, lêze wat der leit, en wer fierder: hokker stêd hat soks?

De earste tsien poëzijstiennen waarden yn septimber 1993 oplevere, by it ôfskied fan boargemaster G.J. te Loo. Sûnt dy tiid komme der alle jierren stiennen by. Op syn minst de helte wurdt nij skreaun, de rest komt út besteand wurk. Yn Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 ferskynde in twatalige bondel mei 50 gedichten út de rûte, te krijen by de Afûk, Historisch Centrum Leeuwarden en Boekhandel van der Velde.

Op Poëzieroute.nl fynst in rûtekaart mei alle tablo’s. Dêr kinst elk gedicht lêze yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk, en belústerje yn de taal dêr’t it yn skreaun is.

Ljouwert UNESCO City of Literature is partner fan de Poëzierûte, tegearre mei de gemeente Ljouwert en it Prins Bernhard Cultuurfonds.