Op woansdei 6 maaie is op de Nijstêd yn Ljouwert in nije poëzystien ûntbleate mei in gedicht fan Elmar Kuiper. De stien is in kado fan graanbedriuw Koopmans, dat dit jier 180 jier bestiet en ta eare dêrfan wat weromjaan woe oan de stêd.

By de ûntbleating waard de stien stadichoan sichtber. Yn sân stappen, symboal foar de sân generaasjes fan it famyljebedriuw, waard it nôt dat de stien beduts der ôf fage. Boargemaster Buma lies it gedicht as earste foar, wêrnei’t Elmar Kuiper it sels foardroech yn it Frysk én it Nederlânsk.

Yn 1981, doe’t it bedriuw hûndert jier yn Ljouwert fêstige wie, joech Koopmans ek al in kado oan de stêd: it byld fan it Fryske Hynder, dat tichtby de nije poëzystien op de Nijstêd stiet.

do meist ite

do wolst al wer siedzje
de wurden út ’e hul barste litte

mar moatst earst werom
dyn grûn rêst jaan

waaks mar
bloei en rypje

as it tiid is meist
it sied út ’e ieren slaan

yn it fine sou fan dyn tinzen
fermealst de kerrels ta moal

it daai riist en do meist ite
wat sûn foar dy is

Elmar Kuiper

De poëzystien is ûnderdiel fan de Poëzy-rûte Ljouwert, dy’t yntusken bestiet út 71 stiennen troch de stêd hinne. Lês of belústerje de gedichten op www.poezieroute.nl.