De jierlikse Slauerhofflêzing yn Cultuurpodium Dorpskerk Huizum hat as haadsprekker Abdelkader Benali, al tritich jier lang ien fan de meast foaroansteande skriuwers fan Nederlân.
Nei it skoft fertelt spoken word performer Peter Vermaat yn ien gearhingjende poëtyske foardracht it libbensferhaal fan Slauerhoff oan ‘e hân fan dy syn gedichten. Teätermakker Vermaat kin Slauerhoffs gedichten oansprekkend en út ’e holle foardrage.
Dit jier is it 90ste stjerjier fan Slauerhoff. De jûn wurdt organisearre yn gearwurking mei de Stichting Herdenking Jan Slauerhoff. De foarsitter fan dy stichting, Evert Duintjer Tebbens, sil hjir koart by stilstean.
Ut syn bertelân Marokko wei skreau Abdelkader Benali ôfrûne simmer dat er geregeld by it hûs fan Slauerhoff yn Tanger del rûn. Nuver genôch fielde Slauerhoff dêr tichterby foar Benali as yn Nederlân. Benali: ‘Dat tichterby fiele: is dat net alles wat wy sykje? Tichterby Tanger, tichterby Fryslân dat ik ken fan de terpen, de marren en it formidabele útsjoch oer it wetter, alles hieltyd dat wetter.’ Hy wol yn de doarpstsjerke Huzum sprekke oer de See en de Mar, dat wat ús byinoar bringt. En hoe’t er troch it lot Slauerhoffs libbenspaad krúste. Syn lêzing is in reisferhaal, dêr’t wrâlden yn besocht wurde, in oade oan de ûngeduerige reizger dy’t yn syn holle ansichtkaarten skriuwt. Mei syn lêzing skriuwt Benali fêst in nij stik literêre skiednis.
Benali’s trochbraak kaam yn 1996 mei syn faak oersette masterwurk Bruiloft aan zee. Fan syn likernôch 60 publikaasjes berikten ek De Langverwachte (winner Libris Literatuurpriis 2003), De stem van mijn moeder, Bad Boy, De weekendmiljonair en Casa Benali in grut lêzerspublyk.
Opjaan
De tagongspriis is € 7,00. Tagongskaarten kinne yn it foar reservearre wurde fia it Ticketkantoor. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it parkearterrein tsjinoer Intratuin (súdside Tynjedijk).
