Op 1 july 2026 is de Poëzierûte Ljouwert útwreide mei in 72e poëzystien. De stien is in kado fan Rotaryclub Leeuwarden Nijehove by de gelegenheid fan harren sânde lustrum. Rotarylid Peter de Haan, ek bestjoerslid fan Stichting Poëzietableaus Leeuwarden, wie de inisjatyfnimmer fan it projekt.

It gedicht op de stien is skreaun troch Judith Nieken, dichter en bewenner fan it gebiet. Sy is bekend fan har pakkende ‘raamgedichten’ yn Ljouwert. Ynformateur Sybrand Buma liet sels in gedicht fan har hân yn de Twadde Keamer efter nei de ôfrûning fan syn opdracht as ynformateur.

It gedicht giet oer de lange histoarje fan Nijehove, ien fan de trije terpen dêr’t midsiuwsk Ljouwert út ûntstien is. De stien krige in prominint plak yn de stêd, neist it Oranjepoartsje: de tagong ta de Grutte Tsjerke dy’t destiids allinnich ornearre wie foar de Nassaustêdhâlders en harren gefolch.

De Poëzierûte Ljouwert is unyk yn Nederlân. Ferspraat troch de hiele stêd lizze ûnderwilens 72 gedichten op hurdstiennen tablo’s fan 120 by 180 sm. In soad fan de gedichten binne skreaun troch priiswinnende dichters. Mear ynformaasje en de gedichten binne te finen op www.poezieroute.nl.