Glimp

soms twirret in gedachte
yn dyn holle in fallend bledsje
bringt in glimp oan ’t ljocht
fan wat mooglik is
soe de mist oplûke
soe de stoarm lizzen gean
fuort mei de wolken de wyn
soesto yn dy hommelse stilte
de oankundiging hearre kinne
in knisterjend nij geritsel
fan wat komme sil komt, mar
soms moat it earst as in bern
dwers troch bergen fan blêden hinne
noch efkes stampe fan binnen

Nederlânsk en Frysk gedicht: Kate Schlingemann

Kate Schlingemann (1958) skriuwt ferhalen en gedichten foar alle leeftiden, yn it Nederlânsk en it Frysk. Dêrneist jout se poëzylessen oan jong en âld, yllustrearret se, is se poëzyredakteur, Schoolschrijver en Verhalenmaker op School. Har gedichten binne opnommen yn literêre tydskriften lykas de Gids en Querido’s Poëziespektakel. Yn 2025 ferskynde har boek Zo leuk is taal!, fol boartlike opdrachten om de taalfeardigens by beukers te stimulearjen.

Ingelske oersetting: Vivien D. Glass

Vivien D. Glass (folút: Vivien Doornekamp-Glass) is oersetter Ingelsk en dosint yn it folwoekseneûnderwiis. Se hat altyd al fassinearre west troch talen en literatuer en set njonken kommersjele en juridyske teksten ek boekúttreksels, koarte ferhalen, romans, non-fiksje, berneliteratuer en poëzy oer.

Yllústraasje: Julia van der Bos

Julia van der Bos is freelance yllustrator mei ûnderfining yn redaksjonele, (digitale) produkt- en marketingyllustraasjes. Har wurk hat in waarme en freonlike styl dy’t organisaasjes helpt harren boadskip oer te bringen. Oarspronklik út Ruslân wennet se sûnt 2017 yn Europa en hat se har yn 2021 yn Fryslân fêstige. Julia organisearret ek de Sunday Sketch Brunch en dielt har wurk op Instagram mei har aktive en groeiende mienskip.