Wat de skries sjocht

Jacqueline Hodder is in skriuwster en fanatyk fûgeler en wennet yn Naarm/Melbourne.Se hat in priis of eareplak behelle yn ferskate skriuwwedstriden, wêrûnder de Odyssey House, Nillumbik, en Peter Carey Short Story Awards, en hat meardere boeken publisearre. Jacqueline skriuwt graach ferhalen dy’t it hert reitsje.

Wat de skries sjocht

1.
Ik wol sjen wat de skries sjocht en laat wurde fan ferfrissele stjerren
En ik wol fiele hoe’t dy kompaspunten de poalen yn myn wêzen ferbine.

Ik wol de earste suchtsjes wyn fiele, wylst ik myn wjukken strek foar it fuortgean
En ik wol de rop van de toendra hearre wylst dy him klearmakket foar it brieden.

Ik wol surfe op de swiere stoarmpûsters, wylst wy tegearre de loften spjalte
En ik wol de wolken brûke as springkessens wylst wy yn eskader it wyldste waar bejage.

Wat in blyn fertrouwen om de kust efter te litten, út te gean fan it djippe witten
De wrâld te befleanen op syk nei in skûlplak en te leauwen yn rêst op it ein.

2.
En sa’tst de Australyske loften ferlitst op in eigen fleanpaad
Sjochst dan del op de langrutsen rêchbonke fan myn lân?

Heugsto dy de feroarings wêr’t minsklike noed
(En minsklike tsjoed) him optwingt? Beammen omskuord
It lân ferwurden ta in lapetekken fan grien. Reuzestêden
Slûpend lâns de kust, op syk nei mear lân om te rôvjen
Waden dy’t ferdwine, blau en read en wyt
Plestik fersmoargjend en in algebloei stadich siperjend?

Sil ik ea witte hoe’t it stjerrestof fan ús geast
Loskaam? Dat wie de wize wêrop, tinkt my,
Wy de kunde fan ús ferbining ferlearen
De parameters foar de ferneatiging ynstelden
Oer de hiele bôge fan dyn trijehoeksmjitting.

En wat ik foar dy winskje, lytse fûgel
Is datsto sjochst, mei it optearen fan dyn poatsjes
Ûnder wjukken dy’t slagge en slagge en slagge:

Stjerren dy’t de himel opljochtsje
Knypeagjend skaad as fûgels massaal de loften bekloftsje
In rizende sinne dy’t baarnt oer in ûnbidich einleaze flakte
In ierde dy’t in ritme azemt
Fan oerfloed, net krapte.

3.
En yn dizze dream dy’t ferfleach
Fan alles wat de skries ea seach
Tink ik dat ik hjir wat freegje wol
In fraach wêrom’t ik tink dat men him drok meitsje sol
In fraach dy’t hieltyd op’e nij riist:
Ferwetterje de bannen van de skries?

Is dit de ein fan har stille ferdwinen
Sa’t sy fleant boppe in ierde
Dy’t stadichoan fergiet?

4.
Ik wol sjen wat de skries sjocht
Wylst ik my nei in ûnmooglike kime krolje
En myn hope stel yn in oanhelle wyn
As finzene yn in rûngong dy’t ferdwynt
Want ik wol ôfgryslik graach dat elk it sjocht:
De skries,
In symboal fan de ierde
Har wanhope,
En in stille tsjûge,
Gûlend.


oerset troch Tamara Feddema

Ynhâld