Langebaanliif
Ik sammelje skrieze ynfo. Plunderje it platte skerm.
Rigen wurden kloftsje as fuotprinten op
in tichttekene kaart.
Ast ynterfal-trainst moatst echt útrêste
sadat dyn hertslach fertraget. Do moatst sa
hurd rinne datst de rêst fertsjinnest.
Reade skriezen brûke harren tiid ‘Down Under’
om goed grou te wurden, feale fearren te rúdzjen,
en te rêsten. Se binne sljocht op pasteikes,
Ik sil nea in maraton rinne. Ik fyn
hurdrinnen dreech. It kringt de hiele tiid
myn poëzy yn, sa drûch as in dream.
roastere bôle mei Krystrollade
en kersen. Skriezen puberje oant july ta.
Guon sitte ta de nacht út te sûpen
‘Rin swier,’ seit de trainer fan myn
sportskoalle, ‘meitsje dy net drok om dyn skuon,
dyn foarm, of wat ek mar. Gewoan hurdrinne.’
en te donderjen mei allerhande frjemde fûgels.
Guon krije raar guod yn it drinken struid.
De jonge skriezen reitsje somtiden depressyf,
De 5km fan myn hûs ôf stjoert my
oer it spoar wêr’t stille
treinen stean te slûgjen tusken
en keare werom nei it waad út de ferhalen fan har âlden.
Dêr fine se wjirms en oar fretten en jouwe
mei tsjinsin ta dat heit en mem gelyk hiene.
West Footscray and Tottenham.
Ik lústerje podcasts sadat ik mysels
net hymjen hear.
Skriezen skamje harren net foar it fetmeste bealchje.
Se moatte in lang ein en hawwe it net oan tiid har
drok te meitsje oer it SkinnyTok konsept fan kreazens.
Ik lês myn hertslach net út. Ik wit net
wat Zone 2 ynspanning is. Ik ha in pet
op om myn kop dêr by te hâlden.
It Ingelsk hat trije sammelnammen foar reade
skriezen, ropt it ynternet:
in alwitten, in panteon,
De dei dat ik glorieus op myn plaat gean op
Geelong Road, hâld ik myn beblette
earm omheech as in flerk oant ik thús bin.
in gebed. Dy binne net
wittenskiplik. In fint online seit
dat jagers se betocht hawwe
Gjinien stoppe om te helpen, om út de
auto wei te freegjen oft it wol goed gie.
Ik knoffele, jankerich, de lange wei nei hûs.
as lokwurden om harren
jachtfreonen witte te litten
wannear’t der skriezen yn’e buert binne.
Wûnefersoarging komt tige krekt. Noch wiken
hâldt in skerpe pine oan. It kin wolris glês
of stientsjes wêze, seit de ferpleger.
Gjinien sjit skriezen
yn Australië.
Dat soene wy gewoan nea dwaan.
Se jout my in treksalve
om wat ding der ek mar ûnder
myn hûd sit nei it oerflak te lûken
Fûgelers yn Australië sitte dit jier yn
noed. Sille kustfûgels fûgelgryp meinimme?
Oant no ta is gjinnent ûntdutsen.
Dizze werheljende aksjes, ús liif
ûnder druk sette, ús ynstinkt om
tiid te rekken, te oerlibjen.
De measte fûgels dy’t út Victoria
weisette nei it noarden ta sille yn
ien kear nei Azië fleane, seis dagen non-stop.
Der is neat fan ús te snappen
ús oanhelle hoop
ús weromlûken, hinne, werom.
oerset troch Tamara Feddema