gebed yn ’e flecht

Ruby Mary Gill is in yn Súd-Afrika berne, yn Australië wenjende dichter en muzikant waans ‘lyryske tsjoenderij’ har de reputaasje jûn hat fan in auteur dy’tst net misse meist. Har wurk oer seks, queer-wêzen, rou, ferkearsslachtoffers en fûgels is faak publisearre yn de Saturday Paper, Harvard Advocate, Griffith Review, Verandah Journal, Unyoked Anthology en mear. De debuutbondel fan Ruby, I’m not exaggerating when I say ferskynde yn desimber 2025 en wie al útferkocht foar’t de publikaasjedei foarby wie.
Ruby wie twa kear nominearre foar de Australian Music Prize en stie koartlyn op de shortlist foar har twadde album ‘Some Kind Of Control’. De resinsjes wjerspegelen de wurden fan Zan Rowe fan double j: “excuse me while I scrape myself off the floor.” Yn har frije tiid is Ruby Birdlife Ambassadeur en doarmet se troch de bush om har wiidweidige Excel-spreadsheet mei fûgelobserfaasjes by te wurkjen.

gebed yn ’e flecht

9 kilometer
bûten kerala en ik
jou it sein oan de oaren
dat it tiid is om tank te sizzen

wy komme tichteby it waad en
ik wol yn it foaren de garnaal eare
dêr’t we 3600 milen foar flein hawwe. gerard
fan krekt fierderop seit dat hy gjin nocht hat yn god

geastigens falt him makliker as geastlikens, en ik sis bêst hear
it heucht my, dy kear doe’t syn wyfke sa weak waard dat se har flecht
miste, en hoe’t wy, by it weromkommen, ús wjirmen op har grêf leinen,
hja hie him alris frege oft hy noch wol fan har hâlde soe as hja in wjirm wie

dy nacht stiene we yn in kloft

rjochts fan my jout mimi itselde âlde ferske, gewoan tankjewol yn it nederlânsk, nochris
en nochris, ingels oanroppend yn har pypbistkestim. ik ha der nea earlik
oan wenne kinnen, al reizgje wy dit ein elk jier, dit is net alhiel

wat ik yn de holle hie as offer mar it kin dermei troch
dit jier wie fleanen djoerder en riskant mei alwer
in oarloch, en dan pak ik ek wat ik krije kin

ûnder sjoch ik de rûning fan de kust skerp
de line dikker as de lêste kear. it leafste
set ik koart foar’t we lânje myn wiksel
al yn en dus begjin ik marivillin
gopurangal te mantrasjongen
it is simmer yn ús beth
lehem, wer op ‘e nij
gelok hawwe wy

libjendewei
dit te sjen

oerset troch Tamara Feddema

Ynhâld