De Poëzyrûte Ljouwert is útwreide mei audiobestannen en Ingelske oersettings (makke troch David Colmer). Yntusken telt Ljouwert mear as sechstich poëzystiennen. It grutste part is te finen yn de histoaryske binnenstêd. Fia Poezieroute.nl binne de gedichten te beharkjen of werom te lêzen yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk. Sa wurdt de poëzy yn de stêd hieltyd sichtberder en tagonkliker.

De nij tafoege audio en oersettingen binne ûnder mear fan Toon Tellegen, Melvin van Eldik, Marrit Jellema, J.C. Bloem, Sytse Jansma en Peter Vermaat.

Oer de Poëzyrûte
Hokker stêd hat soks: gewoanwei oer gedichten rinne. Ljouwert biedt in unike samling gedichten yn stien. Kuierjend troch de strjitten fan de binnenstêd, neitinkend oer strofen en sinsneden fan lokale en lanlik bekende dichters en skriuwers. Sûnt de earste searje fan tsien gedichten yn septimber 1993 wurde der alle jierren stiennen by lein.

Underwilens is der in twatalige bondel mei fyftich gedichten ferskynd, te krijen by de Afûk, Historisch Centrum Leeuwarden en Boekhandel van der Velde.

De audio en oersettingen binne tafoege troch Stichting Poëzietableaus Leeuwarden yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature.