Bist aktyf of ynteressearre yn de literêre sektor yn Fryslân? Kom op tongersdei 18 april nei Lettertreffen!

We prate dy middei skriuwers, útjouwers, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd oer sichtberens en gearwurking. Nei in plenêr part kinst yn dielsesjes trochprate.

En fansels is der by in ôfslutende buorrel (noch mear) tiid om inoar te sprekken en moetsjen.

foto: Natalia Balanina