Nei it earste lesblok Skriuwtechniken, wêryn’t tsien kursisten tusken novimber 2021 en maart 2022 tolve lessen krigen fan dosint Welmoed Wijma, begjint dizze maitiid in ferdjipjend lesblok.

Guon fan de learlingen út it earste lesblok gean troch yn dit ferdjipjend lesblok Skriuwtechniken. De lessen binne op tiisdeitejûn by Tresoar en wurde wer jûn troch skriuwdosint Welmoed Wijma.

Nei de simmer fan 2022 begjint in nij lesblok Skriuwtechniken. De begjinner komt yn it blok Skriuwtechniken yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, leart om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken.

De Skriuwersfakskoalle is in gearwurking tusken Schrijversvakschool Groningen, Tresoar en Ljouwert UNESCO City of Literature.

Yn 2020 is de Schrijversvakschool Groningen yn Ljouwert al úteinset mei kursussen fiksje en non-fiksje, yn gearwurking mei dbieb, mei it Nederlânsk as skriuwtaal.

Dêrnjonken biedt de Skriuwersfakskoalle no kursussen oan foar Frysktalige skriuwers dy’t har rjochtsje wolle op de (fierdere) ûntwikkeling fan harren techniken.

Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de taal, oer dyn teksten. Learst op in goeie wize reaksje op inoars wurk te jaan, wat oanslút by de doelstellingen en de kultuer fan de skoalle.