Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje op ‘e nij in rige masterclasses Foardragen, foar skriuwers dy’t wurkje wolle oan it presintearjen fan harren teksten. De masterclasses wurde jûn troch Zen Roorda, Nyk de Vries, Marrit Jellema en Janneke Brakels. Meidwaan is fergees.

Foar wa?

De rige masterclasses is bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe en dy’t ûndersykje wolle hoe’t se harsels en har teksten it bêste op it poadium presintearje kinne, en ûntdekke wolle hokker feardichheden en kwaliteiten se dêrfoar ynsette kinne. Yn elke sesje wurkest mei in oare dosint oan dyn eigen deselde tekst(en), om de ferskillende effekten fan de ferskillende foarmen en techniken yn dyn presintaasje te ûnderfinen en te besykjen. Dit kin yn alle talen.

Wannear?

De masterclasses binne op tongersdeitejûn 16, 23 en 30 maaie en 6 juny fan 19.30 oant 22.00 oere yn Podium Explore, Bagijnestraat 59 yn Ljouwert. Nei dizze masterclasses is der op 13 juny in sesje om in presintaasje ta te rieden, dêr’tst yn in lytse kring sjen litte kinst watst leard hast. Dy presintaasje is op tongersdei 20 juny, ek yn Podium Explore. Hâld dizze seis data dus frij yn de aginda.

Dosinten

De masterclasses wurde jûn troch fjouwer ferskillende dosinten mei ferskate eftergrûnen en ekspertize. Yn de earste sesje wurket akteur en regisseur Zen Roorda mei dy oan teatertechniken: mei dyn lichem, stim en de romte om dy hinne. Yn de twadde sesje jout dichter Nyk de Vries les oer foardragen: diksje, spanningsopbou, ritme en muzyk. Yn de tredde masterclass leart stedsdichter fan Ljouwert en spoken word-artyst Marrit Jellema dy om kontakt te meitsjen mei it publyk: ymprovisearje, spontaniteit en humor yn dyn optreden brûke. Sjongdosinte Janneke Brakels jout de fjirde sesje, oer opnametechniken: hoe’t dyn stim en dyn tekst klinke foar in podcast of harkboek, en it brûken fan opnames by optredens.

Oanmelde

Der is plak foar maksimaal acht dielnimmers. Meidwaan is fergees en wurdt oanbean troch Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature. Oanmelde kin oant en mei freed 3 maaie mei dit formulier. Wy meitsje in seleksje op basis fan de oanmeldingen en litte dy witte oftst meidwaan kinst. Ast ​​​​selekteare bist, ferwachtsje wy datst meidochst oan alle gearkomsten.

Wolst earst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Sito Wijngaarden, projektmeiwurker by Leeuwarden UNESCO City of Literature, sito@leeuwardencityofliterature.nl.