Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje wer in nije masterclass Literêre Performance, foar skriuwers dy’t harren optredens nei in heger nivo bringe wolle en in stap fierder wolle yn it presintearjen fan harren wurk. De masterclass wurdt jûn troch teatermakker Karel Hermans. Meidwaan is fergees.

De masterclass Literêre Performance is bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe, en (leafst) al wat presintaasje/poadiumûnderfining hawwe. Yn dizze masterclass ferkenst al spyljend de mooglikheden om in tekst oan en foar it publyk oer te bringen. Wille en ferbyldingskrêft steane foarop.

Mei akteur en teatermakker Karel Hermans silst oan ‘e gong mei hâlding, stimgebrûk, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goede literêre performer. Kinst wurkje mei eigen teksten – poëzij of proaza, yn hokker taal ast wolst – wêrmei’t jim mei-inoar in foarstelling meitsje oer it tema ‘(ûn)einigens’. Nei de fiif masterclasses en in try-out jouwe wy mei-inoar in foarstelling oan it publyk op festival Explore the North op 24, 25, 26 novimber.

Der is plak foar maksimaal seis dielnimmers. Meidwaan is fergees en wurdt oanbean troch Tryater, Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature. De oanmelding is ticht.

Wy meitsje in seleksje op basis fan de oanmeldingen en litte yn de wike fan 4 septimber witte oftst meidwaan kinst. Ast ​​selektearre binst, ferwachtsje wy datst meidochst oan alle gearkomsten en optredens. We freegje dy ek om foar’t de masterclass úteinset in eigen tekst te skriuwen/út te sykjen dy’t te krijen hat mei it tema (ûn)einigens, om yn de masterclass mei te wurkjen.

Wolst earst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Tryntsje van der Steege, projektkoördinator by Ljouwert UNESCO City of Literature, tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl.

foto: Lucas Kemper