Wolst yn ’e kunde komme mei dyn eigen skriuwstyl, leare om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken?

Kom dan nei de Skriuwersfakskoalle, opsetten troch Schrijversvakschool Groningen, Tresoar en Ljouwert UNESCO City of Literature.

Op tiisdei 12 oktober fan 19:00 oant 22:00 oere is der in fergese yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Meld dy oan foar de yntroduksjeles troch in e-mail te stjoeren nei kantoar@skriuwersfakskoalle.frl.