Dyn literêre talint ûntwikkelje en dêrby it Frysk as skriuwtaal brûke? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Yn febrewaris set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 26 febrewaris is der in fergees tagonklike yntroduksjeles. Graach even opjaan op kantoar@skriuwersfakskoalle.frl.

Dizze yntroduksjeles wie earder pland op 12 febrewaris, mar is fersetten nei 26 febrewaris. Wa’t him as har oanmeld hie, hat berjocht hân.

Wolst in koarte kursus dwaan by de Skriuwersfakskoalle? Op 18 maart set de kursus Berne- en jeugdliteratuer útein.

Nei de webside →